Tuutsma oer ‘De Grúsert’

liever NLD? ‘jûn, dêr bin ik wer’  ‘goejûn’
ik: ‘hawwe jo de fraach meikrigen?’
‘ja, wêr’t de namme “Grúsert” wei komt, krekter sein: wat wie de Grúsert?’
‘Tink dy ris yn: it Bildt is noch Middelsé, noch net oanslyke
    de Krússtrjitte/Wiersterdyk – in âlde sédyk – leit er noch net
    de Bitgumerdyk – ek in âlde sédyk – ek noch net
    de Buorren fanôf de Piip oan’t de Tsjerke – ek net; dêr ek gjin huzen, gjin sydstrjitten
    ek gjin Kamp – neat, allinne de Buorren is dêr, oan’t de Lytsebuorren ta
    en de Lytsebuorren sels wie dêr ek,  siz mar de âlde Terp, mei It Skil dêrby
    lâns dit stik Buorren en de Lytsebuorren houten loadsen
    it wurd floed – platboaiems lizze oan, ôfgeand tij – se falle droech – losse – lade
    opkommend tij – losmeitsje – driuwe – fuortfarre
    allinne yn it simmerhealjier: april oan’t oktober
    rûch folk – tagelyk besitter, skipper en keapman
    en gjin kaai – alliine grús op ‘e sydkânten fan ‘e terp – groukerrelich sân, skulpen en skil
    grús – fyner spul spielt fuort – de stream is te sterk
    ebbe en floed oan’t Doanjum ta – in fracht wetter elke seis oeren
    grús? de Grúsert! – lâns Lytsebuorren en dat stik Buorren’

…… Tuutsma fierder oer de ‘Grúsert’
…… mear oer de Grúsert
…… reagearje? fia it kontaktberjocht ûnderwerp ‘Tuutsma, Grúsert‘ … tebek nei menu

v00.02 © Herre van Dokkumburg – ma 11-01-2016