de namme ‘Tuutsma’

liever NLD? ‘middei’ ‘goemiddei, alwêr?’
ik: ‘ja, hâld jo namme, Tuutsma, ferbân mei it eardere T’Wtgum?’
(siz Tuutgum) hy: ‘wis en wrachtich’
ik: ‘fertel’
‘it wie 1811, elstenien moast in namme oannimme, in famyljenamme
    dat hie Napoleon sa besletten, wat moast ik – ik ha neitocht
    ik tink: it is sa spitich dat de namme T’Wtgum ferlern gien is
    lit ik die namme wer in plak jaan
    oan’t dan ta hiet ik Tsjisse Lieuwes
    minsken hienen faak allinnich in foarnamme
    dus: Tsjisse, mei de oantsjutting fan de heit
    yn myn gefal Lieuwe, dus Tsjisse Lieuwes’
ik: ‘men komt ek noch wolris ‘Tuitgum’ of ‘Utgong’ tsjin
    yn plak fan Tuutgum of T’Wtgum’
‘och, minsken fernederlânskje it dan nei Tuitgum
    of se begjinne te fantasearjen: o, haven, dus útgong
    mar in haven is ek in yngong, wat in geëamel!’
ik: wêrom net T’Wtsma?’
‘ja, dan bin ik de hiele dei oan’t útlizzen; dus: Tuutsma
ik: ‘T’Wtgum en T’Wtsma is oars wol sa moai’
‘eamel! fuort do!’

… de ‘W’ yn ‘T’Wtgum’
… reagearje? fia it kontaktberjocht, ûnderwerp ‘namme Tuutsma‘ … tebek nei menu

v00.01 © Herre van Dokkumburg – ma 11-01-2016