Tuutsma!

liever NLD? sneon 28 novimber 2015, de middeis om fjouwer oere
ik bin mei Durk Osinga yn De Grúsert west, achter It Piipskoft
werom yn Ljouwert: wêr is myn skriuwmap?
de auto omkeare en op ‘e nij nei Berltsum – sykje
‘sikest wat?’
ferrek!… ‘wa binne jo?’
‘Tuutsma – ik wenje hjir, in minske moat earne wenje’
ik: ‘wêrom hjir? dat liket my net sa noflik, ik ha jo niis net sjoen’
‘ik bin mei dit plak ferbûn, ik ha alles meimakke’
ik wer: ‘hokker plak? wat meimakke?’
‘De Grúsert, Berltsum, al fier foardat Berltsum bestie
ik kin dy der alles fan fertelle’
ik: ‘no net, ik moat no myn skriuwmap wer ha, nije wike’
‘goed, oant takomme sneon dan’
Tuutsma! nea earder fan heard, Tuutsma!

… reagearje? fia it kontaktberjocht, ûnderwerp ‘Tuutsma!‘ … tebek nei menu

v00.01 © Herre van Dokkumburg – ma 11-01-2016