Tuutsma fierder oer ‘De Grúsert’

liever NLD? ‘moarn’ ‘goemoarn, dat is gau’
ik: ‘ja, jo ferhaal oer de Grúsert, tige nijsgjirrich
    dus dat wie it begjin fan Berltsum?’
‘nee, fan T’Wtgum’ [siz Tuutgum]
    Berltsum wie de terp mei no de Tsjerke, it wiene twa aparte plakken
    Berltsum wie in boereterp, lyk as safolle in’t Noarden
    in dobbe yn ‘e midden mei pleatsen dêr omhinne
    letter, nei it lizzen fan de sédyk, in tsjerke yn ‘e midden
    mei in ringsleat dêr omhinne, foar de pleatsen lâns’
ik: ‘en T’Wtgum, wie dêr gjin tsjerke?’
‘nee, dat skippersfolk hie earst net safolle mei it kristlik leauwen
    de boeren seagen yn it begjin ek op harren del
    oan’t hjoed ta kin men sjen dat de terp fan T’Wtgum oars is
    op ‘e krún gjin bebouwing, ja, no Berlingahiem, earder it Earmhûs
    de westlike kânt fan de Lytsebuorren wol bebouwing
    oan de oare kant foar it grutste part net’
ik: ‘dus sûnder Grúsert gjin T’Wtgum’
‘krekt, jim hawwe dy namme tûk keazen’
ik: ‘watfoar namme?’
‘fan Stichting Aldheidkeamer De Grúsert
    fan âlds it wichtichste part fan Berltsum, lit dat sa bliuwe’
ik: ‘no earst in kopke kofje, wat in dreech ferhaal’

… Tuutsma oer de ‘Grúsert’
… de ‘W’ yn ‘T’Wtgum’
… reagearje? fia it kontaktberjocht, ûnderwerp: ‘T. fierder Grúsert ‘ … tebek nei menu

v00.01 © Herre van Dokkumburg – ma 11-01-2016