Doe ’t de Koepeltsjerke yn 1779 oplevere waard, sieten der mar twa wizerplaten oan de lantearne befêstige, te witten ien oan de East-side en ien oan de Súd-side. Wizerplaten oan de Noard- en West-side fûn men net nedich, sa like it. Dêr wennen ommers dochs gjin minsken. Wêrom soe men sa it jild fuortsmite.

Oan de Westkant fan de Koepeltsjerke wie dêr allinne mar it greidlân fan de Hurdegarypster feeboer Reitsma en oan de Noard-kant, no de Bûterhoeke, wie allinne mar in modderreed. Dy rûn by de feart lâns mei dêr tusken it tsjerkhôf en de East-ynjen opfeart (de doarpsfeart efter de Bûterhoeke) en der wiene wat stikjes túngrûn en in pear lytse hôfkes. Doe’t yn it begjin fan de 19de ieu begûn waard mei húzebou ensafuorthinne oan de Bûterhoeke kaam de winsk fan de bewenners dêr op, om ek oan dizze beide hjirboppe neamde keale siden fan de toer wizerplaten te befêstigjen. It hat noch lang duorre foardat dizze winsk fan de bewenners troch de tsjerkfâden yn ferfolling gien is.

Yn 1929 binne pas dizze wizerplaten op de toer oanbrocht. Oan de hear Enne S. de Haan, klokke- en ynstrumintmakker destiids hjir yn de Buorren wenjende yn it hûs mei de wizerplaat yn de foargevel, waard dit wurk opdroegen. Enne is ek de útfiner west fan it elektrysk kloklieden. Oeral út it lân wei kamen minsken nei Berltsum ta om te sjen hoe dit wurke. Hy hat dêrnei in protte tsjerken yn de omkriten fan Berltsum en fierderop fan sa’n liedynstallaazje fersjoen. Klaas Holstes Meijer is hjir as feint by him kommen te wurkjen en hat letter de saak fan him oernommen. Yn de Bûterhoeke wie men der tige wiis mei, krekt as de skippers en in protte gerniers.

 

Watse H. Posthumus, Tsjerkelûden july 2017