Op de wynwizer is in troanjend figuer te sjen mei yn syn rjochterhân in hoedersstêf en mei op de holle de pontifikale pauslike tiara mei dêroan twa ôfhingjende siden linten (dus gjin biskoplike miter). Boppe op de wynwizer stiet in do ôfbylde.  

Allinne in krekt ta Paus keazen biskop mocht sa’n kopdeksel drage en dat barde foaral yn it earste jier fan syn pauslik amt (sa no en dan en by bepaalde feestlike tsjerklike gelegenheden). Dizze Paus kin hast net oars wêze as paus Gregorius I (de Grutte). Hy allinne wurdt mei in do ôfbylde dy’t him de hillige wurden fan God it ear ynflustert. De do yn de stalte fan de Hillige Geast. 

Wat hat no dizze Gregorius I as opfolger fan de op 7-2-590 oan de pest ferstoarne Paus Pelagius II mei de oan de eardere Berltsumer krústsjerke wijde aartsingel te krijen? Yn ien fan de leginden komt foar, de ferskining op 25-4-590 fan de aartsingel Michaël boppe it Keizerlik Mausoleum yn Rome, mei in flamjend swurd yn de hân, om nei de prosesjes en boetedwaaning dêr, de pestepidemy wei te nimmen, dy’t Rome yn dy tiid taheister hie. Dat wie yn 590, it kroanjier fan Gregorius I op 3-9-590. Fandêr dy tiara op syn holle.

Ut tankberens tsjinoer de aardsingel Michaël en ta eare fan dizze gesant fan God waarden der yn Rome njoggen Michaëlstsjerken stifte. It Mausoleum soe tenei de Ingelenboarch hjitte. De njoggende Michaëlstsjerke, dy’t as ienige oerbleaun is, kenne wy as “de tsjerke fan de Friezen”. Op 8 maaie wurdt yn Rome no noch elts jier dizze ferskining fan Sint Michaël oan Gregorius I. betocht. Syn feestdei is op 29 septimber.

It soe nei alle gedachten wêze kinne, dat dizze nochal lytse wynwizer hjir op de Berltsumer toer earder op it daksútein stien hat fan de eardere tsjerke en de grutte, no net mear besteande wynwizer, op de sealtektoer fan destiids mei de ôfbylding fan de aartsingel Michaël. Sa stiet no noch, op de oan de Sint Joris wijde tsjerke fan Easterbierrum, Sint Joris op de toer. Biskop dr. M.P.M (Tiny) Muskens, lid fan de Fryske Akademy, skriuwt hjir ek oer yn syn boek : De kerk van de Friezen bij het graf van Petrus.

 

Watse H. Posthumus, Tsjerkelûden juli 2017