8 01, 2023

Wizerplaten op de Koepeltsjerke

2023-01-08T06:25:28+01:008 jan 2023|Reacties uitgeschakeld voor Wizerplaten op de Koepeltsjerke

Doe ’t de Koepeltsjerke yn 1779 oplevere waard, sieten der mar twa wizerplaten oan de lantearne befêstige, te witten ien oan de East-side en ien oan de Súd-side. Wizerplaten oan de Noard- en West-side fûn men net nedich, sa like it. Dêr wennen ommers dochs gjin minsken. Wêrom soe men sa it jild fuortsmite. Oan de Westkant fan de Koepeltsjerke wie dêr allinne mar it greidlân fan de Hurdegarypster feeboer Reitsma en oan de Noard-kant, no de Bûterhoeke, wie allinne mar in modderreed. Dy rûn by de feart lâns mei dêr tusken it tsjerkhôf en de East-ynjen opfeart (de doarpsfeart efter de Bûterhoeke) en der wiene wat stikjes túngrûn en in pear lytse hôfkes. Doe’t yn it begjin fan de 19de ieu begûn waard mei húzebou ensafuorthinne oan de Bûterhoeke kaam de winsk fan de bewenners dêr op, om ek oan dizze beide hjirboppe neamde keale siden fan de toer wizerplaten te befêstigjen. It hat noch lang duorre foardat dizze winsk fan de bewenners troch de tsjerkfâden yn ferfolling gien is. Yn 1929 binne pas dizze wizerplaten op de toer oanbrocht. Oan de hear Enne S. de Haan, klokke- en ynstrumintmakker destiids hjir yn de Buorren wenjende yn it hûs mei de wizerplaat yn de foargevel, waard dit wurk opdroegen. Enne is ek de útfiner west fan it elektrysk kloklieden. Oeral út it lân wei kamen minsken nei Berltsum ta om te sjen hoe dit wurke. Hy hat dêrnei in protte tsjerken yn de omkriten fan Berltsum en fierderop fan sa’n liedynstallaazje fersjoen. Klaas Holstes Meijer is hjir as feint by him kommen te wurkjen en hat letter de saak fan him oernommen. Yn de Bûterhoeke wie men der tige wiis mei, krekt as de skippers en in protte gerniers.   Watse H. Posthumus, Tsjerkelûden july 2017  

8 01, 2023

Wynwizer op de Koepeltsjerke

2023-01-08T06:25:53+01:008 jan 2023|Reacties uitgeschakeld voor Wynwizer op de Koepeltsjerke

Op de wynwizer is in troanjend figuer te sjen mei yn syn rjochterhân in hoedersstêf en mei op de holle de pontifikale pauslike tiara mei dêroan twa ôfhingjende siden linten (dus gjin biskoplike miter). Boppe op de wynwizer stiet in do ôfbylde.   Allinne in krekt ta Paus keazen biskop mocht sa’n kopdeksel drage en dat barde foaral yn it earste jier fan syn pauslik amt (sa no en dan en by bepaalde feestlike tsjerklike gelegenheden). Dizze Paus kin hast net oars wêze as paus Gregorius I (de Grutte). Hy allinne wurdt mei in do ôfbylde dy’t him de hillige wurden fan God it ear ynflustert. De do yn de stalte fan de Hillige Geast.  Wat hat no dizze Gregorius I as opfolger fan de op 7-2-590 oan de pest ferstoarne Paus Pelagius II mei de oan de eardere Berltsumer krústsjerke wijde aartsingel te krijen? Yn ien fan de leginden komt foar, de ferskining op 25-4-590 fan de aartsingel Michaël boppe it Keizerlik Mausoleum yn Rome, mei in flamjend swurd yn de hân, om nei de prosesjes en boetedwaaning dêr, de pestepidemy wei te nimmen, dy’t Rome yn dy tiid taheister hie. Dat wie yn 590, it kroanjier fan Gregorius I op 3-9-590. Fandêr dy tiara op syn holle. Ut tankberens tsjinoer de aardsingel Michaël en ta eare fan dizze gesant fan God waarden der yn Rome njoggen Michaëlstsjerken stifte. It Mausoleum soe tenei de Ingelenboarch hjitte. De njoggende Michaëlstsjerke, dy’t as ienige oerbleaun is, kenne wy as “de tsjerke fan de Friezen”. Op 8 maaie wurdt yn Rome no noch elts jier dizze ferskining fan Sint Michaël oan Gregorius I. betocht. Syn feestdei is op 29 septimber. It soe nei alle gedachten wêze kinne, dat dizze nochal lytse wynwizer hjir op de Berltsumer toer earder op it daksútein stien hat fan de eardere tsjerke en de grutte, no net mear besteande wynwizer, op de sealtektoer fan destiids mei de ôfbylding fan de aartsingel Michaël. Sa stiet no noch, op de oan de Sint Joris wijde tsjerke fan Easterbierrum, Sint Joris op de toer. Biskop dr. M.P.M (Tiny) Muskens, lid fan de Fryske Akademy, skriuwt hjir ek oer yn syn boek : De kerk van de Friezen bij het graf van Petrus.   Watse H. Posthumus, Tsjerkelûden juli 2017  

Stichting Oudheidkamer De Grusert  |  BERLTSUM

Ga naar de bovenkant